Feanster Holtrop set alles op alles foar EK blomsierkeunst

09 apr 2016 - 12:10

It is sneon in spannende dei foar Dini Holtrop fan It Hearrenfean. Yn de bergen fan Genua yn Italië moat se in houlikspicknick, in blomdekoraasje fan in Vespa en in oldtimer Fiat 500 houliksklear meitsje. De opdrachten meitsje diel út fan it EK blomsierkeunst yn Italië. It EK hat as tema 'Trouwen in Italië'. Freed wie de earste dei, sneon is de twadde helte fan it kampioenskip. Sneontejûn wurdt bekend wa't him Europeesk kampioen neame mei. Neffens Holtrop is de konkurrinsje grut, mar is de sfear goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)