Feanster hannelet yn fjoerwurk

07 des 2013 - 10:29

De plysje hat freedtejûn in 14-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan it ferhanneljen en it yn it besit hawwen fan fjoerwurk. Hy kaam yn byld by it ûndersyk fan de plysje nei in oare 14-jierrige út It Fean dy't 100 nitraatbommen hie. Yn it ûndersyk kaam nei foaren dat hy dizze kocht hie fan syn leeftydsgenoat.

De jonge is thús oanholden. Yn de wenning waarden ek noch twa sloffen mei nitraatbommen en 10 La Bombas oantroffen. It fjoerwurk is yn beslach naam en tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)