Feanster froulju winne

15 mrt 2014 - 16:09
  • Miedema yn aksje tsjin FC Twente

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha sneon mei 2-0 wûn fan Lierse SK. Yn it Belgyske Lier wie de thúsploech de boppelizzende partij. De froulju fan Jessica Torny wisten mei it noadige gelok oan harren side de stân foar de rêst op 0-0 te hâlden. Wa oars as topskoarster Vivianne Miedema soarge yn de twadde helte foar de iepeningstreffer. Yvonne Ploeg smiet mei de 2-0 de wedstriid yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)