Feanster frijsprutsen foar besykjen ta deaslach op plysjes

12 feb 2016 - 16:56

In 29-jierrige man fan It Hearrenfean is yn heger berop frijsprutsen foar it besykjen ta deaslach op plysjes yn maaie ferline jier. De man siet achter yn in stellen auto dy't troch de plysje efterfolge waard en smiet mei houten balken nei de plysje-auto. Dy rekke derby skansearre. De man wie earder feroardiele ta 24 moanne selstraf, wêrfan acht ûnder betingst. Mar neffens syn advokaat fûn de hegere rjochtbank dat net bewiisd wurde koe dat de plysjes dêrtroch yn libbensgefaar kaam binne.

Under druk

De man wie ûnder ynfloed fan GHB en hannele neffens syn advokaat ûnder druk fan de bestjoerder. Troch op de bannen te sjitten, koe de plysje de trije ynsittenden fan de auto nei in wylde efterfolging oanhâlde op It Hearrenfean. 

Oare ynsittenden

De 33-jierrige bestjoerder út It Hearrenfean hat in heger berop tsjin syn selstraf ynlutsen. De tredde ynsittende, in 29-jierrige frou út de gemeente De Fryske Marren, waard earder al frijsprutsen.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)