Feanster fernielt ruten

22 jan 2014 - 11:10

De plysje fertinkt in 47-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean fan fernieling. De man soe tiisdeitejûn mei in stien in rút fan it gemeentehûs yn syn wenplak ynslein hawwe. De man koe letter yn it sintrum fan it plak oanhâlden wurde. Hy is foar fierder ûndersyk fêstset op it buro. De man hat de ôfrûne tiid faker ruten fernield, fan it gemeentehûs mar ek fan it sikehûs op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)