Feanster driget mei de dea

15 sep 2013 - 15:38

In 32-jierrige man út It Hearrenfean is sneintemoarn yn Grins oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er de plysje mei de dea bedrige hat. De man wie oanhâlden om't er net fuortgean woe, wylst de plysje dat befel oan him joech. Dêrop sloech de plysje de man yn boeien.

De Feanster waard lilk en bedrige de plysje mei de dea. De fertochte is fêstset op it plysjeburo. Hy wurdt snein heard en kriget in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)