Feanster brânstifter oanholden

19 mrt 2009 - 10:21

De plysje hat in 46-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanholden, omdat er fertocht wurdt fan 11 brânstiftings of it besykjen wat yn de brân te stekken. De ynsidinten wiene tusken 6 en 15 maart op It Hearrenfean.

Der waard ûnder oaren brânstifte yn kelderbergingen fan in flat oan it Akkersplein, yn ôffalkonteners en brievebussen. De man hat tajûn dat er by al dy saken belutsen wie. It ûndersyk giet noch troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)