Feanster biten troch trije hûnen

10 okt 2005 - 14:47

In 43-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneon oan it begjin fan de jûn biten troch trije hûnen. Dat barde op de Kolkleane op It Hearrenfean. It slachtoffer hie tweintich hechtings nedich.

De man dy't de hûnen útliet, stie te sjen doe't it barde en is dêrnei gau útnaaid. Ek in jonge waard biten. De plysje hat in buertûndersyk ynsteld. Dêrút die bliken dat de man dy't de hûnen útliet, net de eigner wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)