Feankleaster krijt klinkertdyk

15 aug 2013 - 11:24
  • Boerd ferkearshinder Feankleaster

Feankleaster krijt lang om let in nije dyk troch it doarp. It âlde asfalt wurdt ferfongen troch klinkerts. It doarp krijt sa ek it âlde monumintale karakter werom en dat moat mear toeristen lûke. De nije klinkertdyk kostet goed in heal miljoen euro. Neffens gemeente Kollumerlân is it dat wurdich. Yn it âlde asfalt sitte gatten en skuorren.

De ferkearsoerlêst sil minimaal wêze, ek omdat Feankleaster sûnt 2010 in rûnwei hat. De nije dyk troch it doarp moat ein novimber klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)