Feankleaster: fytster oanriden

17 apr 2008 - 10:38

In famke fan 17 jier fan de Westerein is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Feankleaster. It slachtoffer fytste oer de Kleasterwei. Op de krusing mei de Keningswei naam in 23-jierrige autobestjoerster út Kollumersweach de binnenbocht. Se seach it famke oer de holle en botste tsjin har op.

It famke hie ferskate ferwûnings en waard nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)