Feanhoopfestival wol bliuwe

22 jul 2007 - 19:02

It is noch net dúdlik op hokker lokaasje it Feanhoopfestival takom jier plakfine sil. De organisaasje fan it festival wol it leafste op de hjoeddeiske lokaasje oan it wetter bliuwe, mar der binne earder ôfspraken makke om op syk te gean nei in oar plak.

Nei it festival, dat moandei de lêste dei hat, wol de organisaasje opnij om 'e tafel om te sjen wat de mooglikheden binne om te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)