Feanhoopfestival wer los

24 jul 2010 - 15:41
  • Op it festivalterrein steane bysûndere tydlike bouwurken

It jierlikse Feanhoopfestival is wer útein set. Elts jier komme tûzenen feestgongers nei De Feanhoop foar de muzyk, it tintekamp en fansels it feest. Freedtejûn is it festival iepene mei optredens fan artysten as Jannes, DieTwa en Thomas Berge.

Berge gie al gau wer fan it poadium ôf, omdat der mei bier smiten waard. De earste Feanhoopnacht ferrûn rêstich. Sneontejûn spilet Normaal op 'e Feanhoop, dan wurdt mear drokte ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)