Feangreiden as wetterberging

17 sep 2004 - 15:27

Feangreidegebieten moatte yn de takomst brûkt wurde foar wetterberging. Dat is ien fan de winsken fan it Wetterskip Fryslân foar it nije Provinsjale Streekplan 2005. It plan jout in byld fan de takomstige romtlike yndieling.

De feangreiden sille de kommende jierren in heale meter sakje as der neat oan dien wurdt. De boeren moatte der wol in finansjele fergoeding foar krije as harren lân foar wetterberging brûkt wurdt, sa fynt it wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)