Feanfroulju ûnderút yn beker

13 apr 2014 - 16:28
  • Trainster Jessica Torny

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe snein mei 4-2 ferlern fan FC Twente yn de kwartfinale fan de KNVB-beker. De Feansters kamen thús sûnder topskoarster Vivianne Miedema nei 10 minuten op efterstân. Fiif minuten letter stie ek de 2-0 foar FC Twente op it boerd. Yvonne Ploeg soarge yn de 28e minút foar de oanslutingstreffer. Op slach fan rêst ferromme Twente de stân nei 3-1.

Pas yn ekstra tiid fan de twadde helte tekene Lianne de Vries foar de 3-2. Lang mocht de nije kriich net duorje, want in minút letter stie de 4-2 op it boerd.

De ploech fan trainster Jessica Torny slagget der troch it ferlies net yn de heale finale fan de beker te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)