Feanfroulju ûnderút tsjin Standard Luik

17 jan 2015 - 14:35
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean setten de kompetysje nei de winterstop freed útein mei in 2-0 ferlies tsjin Standard Luik. Op sportpark Skoatterwâld kamen de Feanfroulju al nei 6 minuten op efterstân. Binnen in kertier stie ek de 2-0 foar de gasten út België op it boerd. Yvonne Ploeg hie foar rêst de bêste kâns op de 2-1, mar har skot waard keard troch de peal.

Nei rêst wie Carmen de Mare mei in frije traap ticht by de oanslutingstreffer, mar it slagge ek har net om te skoaren. Dêrtroch waard de stân by it skoft ek de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)