Feanfroulju - Twente: 0 - 2

09 nov 2007 - 10:25

It is de froulju fan SC Hearrenfean tongersdei net slagge om foar de twadde kear fan FC Twente te winnen. Op sportpark Skoatterwâld wie koprinner Twente mei 2-0 te sterk foar de froulju fan Hearrenfean. Anouk Dekker en Sylvia Smit makken de goals.

De Hearrenfean-froulju steane nei acht wedstriden op it lêste plak fan 'e earedyvjze mei fjouwer punten. FC Twente en AZ geane oan de lieding. Beide klubs hawwe 16 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)