Feanfroulju noch altyd lêste

01 des 2012 - 13:35
  • SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed mei 3-1 ferlern fan FC Utrecht. Yn Utrecht krige it publyk in wedstriid mei twa gesichten te sjen. De earste helte wienen de froulju fan trainster Jessica Thorny baas. De Feanster froulju wisten dit oerwicht lykwols net om te setten yn treffers.

Nei it skoft wienen de rollen omdraaid en kaam Utrecht yn de 61e minút op 1-0. Nei de lykmakker fan Vivianne Miedema joegen de Feanster froulju de wedstriid lykwols hielendal út hannen. Utrecht profitearre optimaal en pakte de twadde oerwinning.

De froulju fan Hearrenfean steane mei 4 punten út 11 wedstriden noch altyd stiif ûnderoan yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)