Feanfroulju nei bekerfinale

16 apr 2011 - 21:05
  • Roxanne van den Berg (foto: awfoto.nl)
  • De finale is helle (foto: awfoto.nl)

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean hat de finale helle fan it lanlik bekertoernoai. Hearrenfean wûn nei strafskoppen fan ADO Den Haach. De finale is 21 maaie op It Hearrenfean en de tsjinstanner is AZ.

Beide ploegen wiene oaninoar weage, al krige Hearrenfean de bêste kânsen. Nei 90 minuten wiene der fuort penaltys. Beekhuis miste de earste foar Hearrenfean, mar troch twa knappe rêdings fan keepster Roxanne van den Berg wûn Hearrenfean dochs mei 4-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)