Feanfroulju lyk yn Utrecht

29 okt 2010 - 09:40

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha troch in goal yn blessueretiid in punt meinaam út Utrecht. Nei in 2-0 efterstân by rêst knokte Hearrenfean him goed werom.

Yn de 47e skoarde Nangila van Eyck 2-1. En wêr't Hearrenfean ferline wike yn blessueretiid de punten fuortjoech, wûn Hearrenfean no in punt. Troch in skot fan 30 meter fan Si Shut Hau waard it noch 2-2. Hearrenfean is no fyfde mei alve punten út sân wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)