Feanfroulju ferlieze yn Twente

16 maaie 2014 - 21:29
  • Miedema yn aksje tsjin FC Twente

De fuotbalfroulju fan sportklup Hearrenfean ha freedtejûn mei 2-1 ferlern fan FC Twente. Yn de Grolsch Veste wie it lang wachtsjen op doelpunten. Pas yn de twadde helte iepene de thúsploech de skoare. Nei in goed oere spyljen waard it 2-0 foar de Twintske froulju.

Tsien minuten foar de ein brocht topskoarster Vivianne Miedema de spanning werom yn de wedstriid mei de oanslutingstreffer. Ynfalster Chelly Drost wie yn ekstra tiid noch ticht by de Feanster lykmakker, mar har poging gong mis, wêrtroch't FC Twente kampioen is yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)