Feanfroulju ferlieze mei 2-0

11 okt 2014 - 14:32
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ferlearen freed mei 2-0 fan PSV/FC Eindhoven. Yn Eindhoven begûn it alvetal fan trainster Jessica Torny sûnder fêste keeper Devi Venema. Sy rekke blessearre by de warming-up en waard ferfongen troch Nienke Olthof. Al nei in kertier spyljen waard Olthof passearre en stie de 1-0 op it boerd.

Op slach fan rêst wie it op 'e nij PSV/FC Eindhoven dat profitearre fan in flater fan de Feanster keeper en sa op 2-0 kaam. Nei rêst krigen de Feanfroulju tal fan goede kânsen, mar de Fryske skoare bleau út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)