Feanfroulju ferlieze fan Ajax

07 des 2013 - 10:19
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

It is de froulju fan SC Hearrenfean freed yn de BeNe League net slagge om fan Ajax te winnen. Se ferlearen mei 3-1. Nei de trije doelpunten fan Tessel Middag, Eshley Bakker en Claudia van den Heiligenberg foar Ajax, seach Sisca Folkertsma yn de alderlêste minút noch kâns om SC Hearrenfean op it skoareboerd te krijen.

Ajax stiet no op it fjirde plak. De Fryske klup stiet mei 19 punten op it sechsde plak yn de BeNe League. Standard Luik en FC Twente binne de koprinners mei 29 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)