Feanfroulju ferlieze fan ADO

21 des 2013 - 13:26
  • Trainster Jessica Torny

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha de lêste wedstriid fan it jier freed mei 3-1 ferlern fan ADO Den Haach. De Feanfroulju fan Jessica Torny begongen goed yn Den Haach. Nei goed tweintich minuten stie de 1-0 foar Hearrenfean op it boerd troch in doelpunt fan Sisca Folkertsma. In kertier letter wie de lykmakker in feit.

Nei rêst wie it lang wachtsjen op doelpunten. Pas in kertier foar de ein wist ADO it ferskil te meitsjen en tekene de thúsploech foar de 2-1. Yn blessueretiid foel de tredde treffer.

Troch it ferlies bliuwt SC Hearrenfean stykjen op 22 punten út 14 wedstriden, goed foar it 7e plak yn de BeNe League. Freed 17 jannewaris komt de ploech fan Jessica Torny wer yn aksje yn de útwedstriid tsjin de nûmer 4 PSV/FC Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)