Feanfans rekkenje al op finale

21 mrt 2012 - 16:08

De heale finale fan de beker tsjin PSV is foar SC Hearrenfean dé wedstryd fan it seizoen. Hoewol't de Friezen snein dik ferlearen fan de ploech út Eindhoven, binne de supporters opfallend posityf foar de wedstriid woansdeitejûn. Der wurdt sels al wurke oan spandoeken foar de finale yn De Kuip op 8 april.

Supportersferiening Nieuw Noord liket net te twifeljen oan in goeie útslach. Ek Arriva is klear foar de finale. Der binne 150 bussen reservearre om de supporters nei Rotterdam te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)