Feanfans 'fersiere' Schokker

28 sep 2013 - 14:48
  • 'Fersierd' hûs fan Oebele Schokker

It hûs fan Cambuurspiler Oebele Schokker yn Nijhoarne is 'fersierd' troch Hearrenfeanfans. De supporters út it doarp setten in boerd mei it Fryske Folksliet yn Schokker syn foartún, sadat er 'noch even oefenje kin'. Fierders wie de auto fan Schokker syn freondinne ynpakt mei Frysk pakpapier. Snein is de wichtige wedstriid tusken Hearrenfean en Cambuur yn it Abe Lenstrastadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)