Fean yn Fryslân ferdwynt

28 jul 2014 - 14:18
  • Greidefûgels

It fean yn Fryslân is de ôfrûne tritich jier mei tolve prosint ôfnaam. Sa docht bliken út ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen. Der is in kaart publisearre dêr't op te sjen is hoefolle fean as der noch is.

It fean ferdwynt troch it wetterpeil, dat foar de lânbou leech holden wurdt. Dêrtroch komt der soerstof by it fean, dat sa ôfbrutsen wurdt en ferdwynt. Ien fan de gefolgen is grûndelgong, wêrnei't it wetterpeil nochris omleech moat om it lân noch bewurkje te kinnen.

Yn it feangreidegebiet sit noch genôch fean, mar yn oergongsgebieten lykas de omjouwing fan It Hearrenfean smyt soks ek problemen op foar boeren. Dêr groeit it gers yn guon gefallen no op de ûnregelmjittigge sângrûn, wêrtroch't lege parten fan it lân hiel wiet wurde kinne en oare hege parten ferdroegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)