Fean wint oefenwedstryd

24 mrt 2004 - 00:00

Fuotbalklub Heerenveen hat tiisdeitejûn mei 2-0 fan de Sineeske ploech Shenyang Jinde wûn. Gerald_Sibon en Jesper_Hakansson makken de twa doelpunten yn de earste helte.

Oer it algemien wie it nivo fan de wedstryd min. It Fean makke in soad wiksels yn de twadde helte. De Sineeske fuotballers binne op trainingskamp yn Hoenderloo en oefenje tsjin Nederlânske ploegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)