Fean krijt gjin ekstra kaarten

16 mrt 2009 - 18:39

Sportklup Hearrenfean krijt net mear kaarten foar de heale finale fan de beker tsjin FC Volendam. En de 400 plakken dy't wol beskikber binne yn it besikersfak wurde koppele oan in ferplichte buskombi.

De direksje fan Hearrenfean hie om ekstra kaarten frege. Mar Volendam wol der net oan. De direksje fan de klup fynt dat de Volendamsupporters de earste rjochten hawwe op de kaarten. De heale finale wurdt spile op woansdei 22 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)