Fean fjochtet transfer oan

16 maaie 2007 - 11:47

Sportklub Hearrenfean stapt nei de arbitraazjekommisje fan it fuotbalbûn KNVB. De fuotbalklub fjochtet de transfer fan Laurent Delorge nei Ajax oan.

Neffens foarsitter Formsma hie de klub al oerienstimming mei Delorge, mar ferline wike tekene dy in kontrakt by de Amsterdammers. De Belch spile dit jier by it degradearre ADO Den Haach. Delorge moast by Hearrenfean de opfolger wurde fan Paul Bosvelt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)