Fean-fans yn besikers-fak?

09 des 2003 - 00:00

Sa'n 15 supporters fan SC Hearrenfean dy't in kaart kocht ha foar de bekerwedstriid Hearrenfean-NEC hawwe troch in fersin in kaart krigen foar it ferkearde fak. It giet om kaarten foar fak tsien; dat is it fak dêr't ek de NEC-supporters yn sitte.

Hearrenfean-supporters mei in kaart foar fak tsien wurdt frege om har te melden by de kaartferkeap fan it Abe Lenstra Stadion. Sy krije dan in kaart yn in oar fak oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)