FD komt mei Grinslanner edysje

30 mrt 2002 - 00:00

It Frysk Deiblêd sil tenei ek nijs út it Westerkwartier yn Grinslân bringe. It deiblêd komt mei in spesjale Westerkwartieredysje, dy't de kommende wiken geregeld hús-oan-hús ferspraat wurde sil.

It FD hat al inkelde hûnderten abonnees yn it Westerkwartier. Haadredakteur Lútsen Kooistra fan it Deiblêd hopet dat dat der troch de spesjale edysje folle mear wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)