FCDF: 'Morgen gratis bier'

06 mrt 2003 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Food moat de winst mear oan 'e boeren trochbetelje. Dat fynt Boschma fan it Nederlânske Molkfeehâlderijfakbûn. It suvelkonsern makke tongersdei poerbêste winstsifers bekend. Mar de molkpriis foar de boeren is en bliuwt leech. FCDF wol de priis no noch net ferheegje.

It is krekt as mei de spreuk 'Morgen gratis bier' yn 'e kroech, seit Boschma. De boeren wolle no wolris echt mear jild foar de molke sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)