FCDF mei minsken net ûntslaan

16 des 2002 - 00:00

Fryslân Coberco Dairy Foods sil oant 2008 gjin minsken dien jaan. De fakbûnen hawwe moandei in sosjaal plan mei de direksje fan in suverkonsern ôfsletten. By Friesland Coberco wurkje 5000 minsken. In grut tal fan harren wurket yn Fryslân.

De direksje woe de passaazje oer it net twongen ûntslaan út it sosjaal plan skrasse. Dat smiet lykwols in protte wjeraksel by it persoaniel op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)