FCDF: mear nei Sintraal Europa

15 aug 2002 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods wol twa suvelûndernimmingen yn Roemenië en Slowakije oernimme. Yn Roemenië giet it om fiif fabriken mei 1350 meiwurkers en in omset fan 24 miljoen euro.

Yn Slowakije giet it om it krijen fan in mearderheidsbelang yn in bedriuw mei 250 meiwurkers en in omset fan 23 miljoen euro. It is net bekend wat de kosten fan de oernames binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)