Fazen fan Tichelaar stikken

13 des 2010 - 21:08
  • De foto dy't Hella Jongerius op twitter sette

Fjirtich fazen makke troch Keninklike Tichelaar Makkum binne dit wykein stikken rekke op in eksposysje yn Rotterdam. It giet om it keunstwurk Coloured Vases fan Hella Jongerius. It bestiet út 300 hânbeskildere fazen dy't yn in rûntsje steane. In besiker waard net goed en foel boppe-op it keunststik yn Museum Boijmans van Beuningen.

Tichelaar yn Makkum hat noch in set fan de fazen te stean. Dy sille no earst nei Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)