Favoryt partoer Steenstra ferliest yn twadde omloop PC

29 jul 2015 - 14:51

It partoer fan Hendrik Tolsma hat yn de twadde omloop fan de PC foar in grutte ferrassing soarge troch it trio fan Tjisse Steenstra te ferslaan: 5-5 en 6-2. Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra wienen ien fan de favoriten. Yn de ranking steane se op it earste plak.

De oerwinning op Steenstra-en-dy betsjut dat Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden as earste pleatst binne foar de heale finale fan de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)