Favoryt partoer leit derút

20 aug 2008 - 12:28
  • Afke Hijlkema: derút yn ´e earste omloop
  • It Weidumer keatsfjild(foto Nije Kriich)

It favorite partoer fan Géjanna_Dijkstra, Gerieke_de_Groot en Afke_Hijlkema leit der al út op de Frouljus-PC yn Weidum. Se keatsten yn de earste omloop tsjin it partoer fan Klaske_de_Jong, Sjoukje_Visser en Aukje_van_Kuiken. Dy wienen úteinlik sterker mei 5-4 en 6-4.

Afke_Hijlkema hat njoggen kear keninginne west en mei Géjanna_Dijkstra soe se dit kear foar de tsiende kear de PC winne kinne. Géjanna hâldt nei dit seizoen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)