Favoryt Frjentsjer derôf

06 aug 2014 - 11:05

Freulefavoryt Frjentsjer is der nei de earste omloop al ôf. Tsjinstanner Sint Jabik wie mei 5-3 en 6-2 te sterk foar harren.

De Bilkerst rûnen út nei in foarsprong fan 4 om 'e 1. Frjentsjer kaam werom ta 4 om 'e 3, mar doe't Sint Jabik it fyfde buordsje pakte, wie it dien mei Frjentsjer. Op 5-3 en 6-2 makke Gideon Swanson fan Sint Jabik de partij mei in boppeslach út.

Ek Dronryp, it winnende partoer fan ferline jier, gong yn de earste omloop ûnderút. Mei 5-3 en 6-6 wie Alde Leie te sterk.

Sjoch hjir foar de útslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)