Favoriten maklik op 2e list PC

24 aug 2011 - 12:10
  • Margriet Koelmans en Leonie van der Graaf
  • Blommen foar Anna-Lynn Wybenga

De favoriten fan de frouljus PC binne woansdei maklik op de twadde list kommen. It partoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra wûn mei 5-1 en 6-4 fan it trio Sanne Velsma, Anna-Lynn Wybenga en Idske Zijlstra.

Nei ôfrin fan de earste wedstriid yn Weidum krige Anna-Lynn Wybenga blommen. Under applaus gie se fan it fjild ôf. Se hâldt op mei keatsen. It trio Marije Hiemstra wûn mei 5-5 en 6-6 fan Ilse Noorman-en-dy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)