Favoriten fierder op PC

22 aug 2007 - 14:16
  • Hermanna Miedema nei har ferlies
  • De frouljus PC lûkt in soad publyk

By de frouljus PC yn Weidum ha de favoriten de earste omloop oerlibbe. It partoer Joostema en it partoer Dijkstra hiene beide net folle muoite mar har tsjinstanners. Yn de twadde omloop moatte se no tsjininoar.

In bytsje ferrassend wie wol it ôfskie yn de earste omloop fan Hermanna Miedema. Har partoer ferlear fan it partoer Osinga. Miedema stie 18 kear op de PC, foar it earst yn 1985. Op it terrein yn Weidum is in soad publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)