Faunaraster moat otters keare

17 jul 2012 - 10:05
  • Otter

By Earnewâld wurdt op dit stuit wurke oan it pleatsen fan in saneamd faunaraster. It raster is in kilometer lang en komt by de Feantersdyk del. Dat moat tefoaren komme dat de otters út de Alde Feanen op 'e drokke tagongsdyk fan Earnewâld bedarje en dêr ûnder de auto komme, sa lit natuerbehearder it Fryske Gea witte. Fierder moat it skiere guozzen tsjinhâlde sadat dy net yn it boerelân komme.

By natuergebiet De Deelen is earder ek in Faunaraster pleatst, mar dat wie sa grut dat it folsleine natuergebiet ôfdekt waard en dat is hjir net sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)