Faunafûns keart gjin jild út oan boeren mei mûzeskea

17 feb 2015 - 17:07

It Faunafûns sil gjin jild útkeare oan boeren dy't lêst hawwe fan mûzeskea. Dat seit it bestjoer fan it Faunafûns. Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken sei yn oktober dat it Faunafûns mooglik in skeafergoeding útkeare koe, mar dat giet net troch.

It Faunafûns fynt skeafergoeding in taak fan de provinsjes. Freed liet deputearre Johannes Kramer witte dat boeren jild liene kinne by de provinsje, as se oantoane kinne dat se skea troch mûzen hawwe mar gjin jild mear fan de bank krije kinne.

Brussel en Provinsjale Steaten moatte noch wol akkoart gean mei de plannen fan deputearre Kramer. It Faunafûns joech yn 2005 wol in skeafergoeding fan twa miljoen euro foar de mûzepleach. Doe liet it Faunafûns dúdlik witte dat it gie om in temjittekomming foar ien kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)