Faunabeskerming nei rjochtbank

01 mrt 2006 - 07:10

Yn Ljouwert tsjinnet oare wike woansdei in koart pleit fan de faunabeskerming mei as doel it ljipaaisykjen te ferbieden. De provinsje Fryslân komt tiisdei mei in ûntheffing fan in earder aaisykferbod. Oant en mei 31 maart meie lipaaisikers no op syn heechst fyftjin aaien meinimme.

De faunabeskerming wol dat de rjochtbank woansdei deselde deis noch útspraak docht. Se wolle dat der in ferbod foardat it earste aai fûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)