Farwei nei Lauwersmar oanpakt

22 nov 2000 - 15:19

De farwei tusken Drachten en de Lauwersmar wurdt foar goed 40 miljoen gûne oanpakt. Mei 28 projekten troch seis gemeenten moat it tal wetterrekreanten ferdûbele wurde oant 7500 jierliks.

Oan de saneamde Lits-Lauwersmarrûte komme 450 nije oanlisplakken. De rekreaasje yn de doarpen oan de rûte moat ek mear omtinken krije. De plannen wurde ûntwikkele troch yngenieursburo Oranjewoud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)