Farwei Harns-A'dam moat better

31 des 2003 - 00:00

De farwei tusken Harns en Amsterdam moat gau ferbettere wurde. Dat fynt Schuttevaer. de belangeferiening fan binnenfeartskippers. Minister Peijs fan Ferkear en Wettersteat moat gau oan 'e slach mei de belangrike farrûte.

De sluzen by de Ofslútdyk binne oan ferfanging ta en de farwei sels moat better ûnderholden wurde. De minister seit gjin jild te hawwen. In goeie farwei is belangryk foar de haven fan Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)