"Farwei fan Noardsee nei Lauwerseach moat rykfarwei wurde"

23 jan 2015 - 14:24
  • It seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach

It Westgat tusken It Amelân en Skiermûntseach moat in ryksfarwei wurde, fine de havendireksje en de brûkers fan de haven yn Lauwerseach. Der binne al jierren problemen mei de djipgong fan in part fan it Westgat. Dêrtroch kinne gruttere skippen fan de Noardsee ôf Lauwerseach net berikke. Dêrtroch rinne de haven en havenbedriuwen jild mis. It giet neffens havendirekteur Harm Post om in stikje fan mar 200 meter yn it Westgat, mar yn de Waadsee mei net samar baggere wurde.

Boppedat moat de geul op langere termyn ek op djipte hâlden wurde troch Rykswettersteat. Om dat foarelkoar te krijen, soe it in ryksfarwei wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)