Farrûte westlik fan Wergea?

02 maaie 2003 - 00:00

It trasee fan de nije steande-mêstrûte wurdt miskien oanpast. De nije farrûte fan de marren nei Ljouwert komt mooglik oan de westkant fan Wergea, ynstee fan oan de eastkant.

Pleatslik Belang is tsjin de nije mooglikheid. In farwei oan de westkant soe it doarp op slot sette. Der komt dan in brêge yn de wichtichste dyk nei it doarp ta, dy't simmers al gau in pear oeren deis iepen stean sil. De gemeenterie besjocht it nije plan noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)