Farrûte Amelân dochs útbaggere

22 nov 2003 - 00:00

Rykswettersteat set moandei út ein mei baggerwurksumheden yn de farrûte tusken Holwert en It Amelân. Benammen by de pier fan Holwert slibt dy geul hieltyd faker ticht. Dat smyt de lêste tiid grutte fertragings op.

Undernimmers kleie oer skea om't de boat gauris te let oankomt. Ek de gemeente Amelân wie dêr net bliid mei. Rykswettersteat hie gjin jild, wylst wol ôfspraken makke wiene. It wurk is no dochs ynpland en sil 5 wike duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)