Farrende húshâlding besketten

07 maaie 2001 - 00:00

In ynwenner fan Jirnsum hat sneontemoarn ier op in húshâlding út Akkrum sketten. De famylje lei mei de motorboat yn Jirnsum en soe betiid te farren.

De Jirnsumer ergere him oan it leven dat de boat makke, krige syn pistoal en skeat op de boat. Dêrby waarden de leden fan de húshâlding net rekke. De man is thús oanhâlden en moast syn wapen ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)