Farrende Filla krijt wetterdoop by De Pein

25 sep 2015 - 08:38

Fryslân krijt in lanlike primeur mei de 'Farrende Filla'. Dat is in kombinaasje fan in wenhûs en in skip. It is gjin wenboat, want dy kin net op eigen krêft farre en hat in fêst lisplak, meastal yn in wenboatehaven. De farrende filla hat motors, dy draaie op elektrisiteit, en skroeven. Alles oan board draait op elektrisiteit en dy komt fan sinnepanielen. De 'Farrende Filla' hat in wenopperflak fan 75 kante meter en is geskikt om permanint yn te wenjen.

It skip wurdt freedtemiddei offisjeel te wetter litten troch boargemaster Tjeerd van Bekkem en dat bart yn it Opeinderkanaal by De Pein. De Farrende Filla is betocht, tekene en makke troch Lieuwe Koonstra fan De Pein.

Neffens makeler Frans van Houwen is der nasjonaal en ynternasjonaal in soad belangstelling foar de nije Fryske wen-sportfoarsjenning op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)